Casal werom by Cambuur

17 jan 2008 - 18:00
  • Jeroen Ketting is skorst

De Nigeriaan Kasali Yinka Casal makket freed syn rentree yn it alvetal fan Cambuur. De linkermiddenfjilder wie in skoft ôfwêzich troch in blessuere oan de hamstring. Hy begjint tsjin RBC Roosendaal yn de basis.

Jeroen Ketting en Sandor van der Heide binne net ynsetber. Ketting is skorst nei syn reade kaart fan ferline wike tsjin Omniworld en Van der Heide is noch altyd blesseare oan de hyl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)