Casal oproppen foar Nigeria

22 feb 2008 - 17:49

Cambuur-spiler Kasali Yinka Casal is oproppen foar it Olympysk team fan Nigeria. De 19-jierrige Casal is dêrmei de tredde Cambuur-spiler dy't oproppen is foar de jeugdseleksje fan in lân. Brandon Bonifacio (Kanada) en Marc Mboua (Kameroen) giene him foar.

Casal spilet op 26 maart de wichtige kwalifikaasje wedstriid tsjin Súd-Afrika. As Nigeria wint of lykspilet geane se nei de Spelen yn Peking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)