Cartoon ferbiede by de rjochter

10 feb 2005 - 15:17

B en W fan Dongeradiel moatte by de rjochter in klacht yntsjinje foar mislediging. Dat fynt de FNP. Yn 'e Nieuwe Dockumer Courant stiet in cartoon dy't min falt by de partij.

De tekening is pleatst troch de Dokkumer ûndernimmer Schaaf. De titel is 'B en W begraaft belastinggeld Dongeradelers in de Markt'. Te sjen binne fjouwer wethâlders dy't jild yn in kûle skeppe. Boargemaster Cazimier stiet derby mei in kroadfol jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)