Carthesius komt by provinsjehûs

01 mrt 2005 - 16:57

It Carthesius-ynstitút ferhuzet fan Frjentsjer nei in kantoar by it provinsjehûs yn Ljouwert. It giet om it eardere kantoar fan Trip advokaten oan de Druifstreek. It Carthesius-ynstituut is in dependance fan de Twentse universiteit en moat fan 't maitiid fuort út Frjentsjer. It moat plak meitsje foar museum it Coopmanshûs.

Der is earst sjoen nei it âlde burgerweeshûs oan de Nijstêd yn Ljouwert. Mar dat gebou wie te djoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)