Carport stoart yn troch snie

25 des 2009 - 15:47
  • Maleur yn Cammingabuorren: carport bejout it troch de snie (foto: Anton Kappers)

Oan de Epemastate yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren is op earste krystdei in carport ynstoart troch it gewicht fan 'e snie dat der op lei. De auto dy't ûnder de carport stie rûn frijwat skea op.

De bewenners hiene kontakt opnommen mei de brânwacht, mar dy fûn it net nedich om hjirfoar te kommen. De bewenners binne no fan doel en rop de help yn fan in boubedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)