Caroline net mear fia kabel

12 feb 2003 - 00:00

Radio Caroline hâldt nije wike tiisdei op mei útstjoeringen fia de kabel. Ut de studio yn Harns binne de programma's te hearren yn Noard- en East-Nederlân. De kosten om fia de kabel út te stjoeren wurde te heech om't der te min jild út reklame binnen komt.

Oant no ta is it fan oarsprong Britse Radio Caroline net slagge in frekwinsje fia de eter te krijen. Dat besykje se noch wol. Earst is de stjoerder inkeld fia ynternet te beharkjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)