Carla Zielman wint NK Utrecht

26 des 2010 - 15:17
  • Carla Zielman, de nije kampioene op keunstiis (foto: Sportfoto.nl)
  • It NK-poadium (foto: Sportfoto.nl)

Carla Zielman fan Rottum hat yn Utrecht it NK maraton op keunstiis wûn. Yn de massasprint wie se de rapste. De kampioene op natueriis Foske Tamar van der Wal waard twadde en Manon Kamminga fan It Hearrenfean gie as tredde oer de streek.

De winst fielde as in revâns foar it mislearre NK op natueriis fan ôfrûne tongersdei op it iis by Wanneperveen, doe't it hielendal net woe. Zielman is liedster yn it KPN-maratonklassemint, se hat oant no ta trije kear wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)