Carla Bergsma is 'Mooi Mens'

10 nov 2010 - 10:22

Ambulânseferpleechkundige Carla Bergsma út Drachten hat de Mooi Mens-ferkiezing fan dit jier wûn. Bergsma is de driuwende krêft achter it Wensvervoer. Dat regelet dat minsken dy't slim siik binne in besite bringe kinne oan in plak dat grutte wearde foar har hat.

De Mooi Mens-ferkiezing wurdt dit jier foar de fjirde kear hâlden. It giet om in inisjatyf fan soarchfersekerder IZZ.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)