Carien Kleibeuker wint maraton Breda

19 des 2015 - 22:30
  • Carien Kleibeuker

Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean hat de tsiende maraton om de KPN Cup fan it seizoen wûn. Yn Breda koe de hâldster fan it wrâldoererekôr Aggie Walsma fan Boalsert en Ineke Dedden fan Wanneperveen achter har hâlde.

By de manlju wûn Frank Vreugdenhil. De Drint út Eldersloo bleau yn de einsprint de Siuw Niels Mesu út Tsjalbert foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)