Carien Kleibeuker wint 5 kilometer mei oermacht

01 nov 2015 - 13:19
  • Carien Kleibeuker

Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean hat sneintemiddei by de KNSB Cup mei oermacht de 5 kilometer wûn yn in tiid fan 7.06.69. Yvonne Nauta út Twellingea waard fjirde (7.13.89), Antoinette de Jong fan Rottum pakte it fyfde plak (7.18.70). Dêrmei pleatsten de trije Friezinnen harren foar de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden.

Ek Lisa van der Geest en Irene Schouten meie de 5 kilometer ynternasjonaal ride. Reina Anema fan De Gordyk ried in tiid fan 7.25.87 en waard dêrmei alfde.

Letter sneintemiddei wurde ek noch de 10 kilometer fan de manlju en de 1000 meter foar manlju en froulju riden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)