Carien Kleibeuker twadde achter Sábliková op 5 km

12 feb 2016 - 18:05
  • Carien Kleibeuker

Carien Kleibeuker is op de 5000 meter by it wrâldkampioenskip reedriden per ôfstân yn Kolomna twadde wurden. De ynwenster fan It Hearrenfean út de ploech fan Jillert Anema kaam yn 6.54.96 oer de streek. Martina Sábliková, in dei earder al de bêste op de 3000 meter, dûkte yn de lêste rit mei 6.51.09 ûnder de tiid fan Kleibeuker. Irene Schouten, ek út de ploech fan Anema, pakte it brûns yn 6.55.93.

Foar de Tsjechise Sábliková wie it de achtste kear op rige dat se de langste ôfstân by de froulju wûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)