Cardiff City wol Finnbogason

26 aug 2013 - 18:22
  • Alfred Finnbogason

Hearrenfeanspits Alfred Finnbogason sil prate mei Cardiff City. De klup út Wales hat fan Hearrenfean tastimming krigen mei Finnbogason te praten. Neffens ynterim-direkteur Gaston Sporre hat Cardiff City noch gjin bod dien.

Hearrenfean hat Finnbogason moandeitemiddei in oanbieding dien foar kontraktferlinging foar in jier langer en foar in better salaris. Sporre jout oan dat Finnbogason foar net minder as tsien miljoen euro fuort mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)