Caravans útbaarnd yn Ternaard

15 jul 2010 - 12:52
  • De skea yn Ternaard (foto's: Omrop Fryslân)

Yn de Van der Haerstrjitte yn Ternaard binne flak nei de middei twa caravans útbaarnd. Se stiene op de opritten tusken twa wenten. Troch de hurde wyn sloech it fjoer oer. In carpoort fan 'e iene wente is hielendal ferlern gien en de garaazje fan 'e oare. De sydgevels fan beide huzen hawwe swiere brânskea.

Koartsluting is neffens de brânwacht nei alle gedachten de oarsaak fan 'e brân. De eigners soene takom wike op fakânsje mei de caravans.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)