Caravans fan jeugd moatte fuort

07 jul 2004 - 22:14

Keten en caravans yn Dongeradiel dêr't jongerein omhinget en bier drinkt moatte foar oare simmer allegear ferdwine. Dat wol it CDA yn Dongeradiel.

Neffens it CDA moat de gemeente net tolereare dat jongerein ûnder de 16 him dêr dronken sûpt. Boppedat soe by in ûngemak of in brân de gemeente oanspraaklik wêze. Oer in alternatyf wol it CDA noch mei jongeren, tsjerken en doarpsbelang yn petear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)