Caravanabeurs fan start

24 jan 2008 - 16:35
  • De Caravana yn Ljouwert

De grutste fakânsje- en caravanbeurs fan Noard-Nederlân Caravana is tongersdei iepene. Der stean dit jier in rekordtal bedriuwen op 'e beurs. 250 eksposanten litte oant en mei nije wike tiisdei harren guod sjen yn it WTC Expo yn Ljouwert.

De organisaasje ferwachtet dit jier in rekordtal besikers om't der ekstra reklame makke is. Ferline jier kamen der goed 40.000 besikers nei de Caravanabeurs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)