Caravana lûkt 53.000 man

28 jan 2014 - 12:50
  • De Caravana luts yn 2013 hast 45 tûzen besikers

De 54e Caravana yn it WTC Expo yn Ljouwert hat dit jier mear besikers lutsen as de 45.000 fan ferline jier, mar sa súksesfol as 2012 wie de beurs net. Doe kamen mear as 56.000 minsken op de grutste kampear -en karavanbeurs fan Nederlân ôf. No komt it tal besikers nei alle gedachten út op sa'n 53.000.

Tiisdei is de lêste dei fan de beurs, dy't ôfrûne tongersdei begûn. De Caravana wurke dit jier foar it earst mei wikseljende tagongsprizen. Sa wie it yn it wykein djoerder as troch de wike.

Boppeslach foar de Caravana is dat de beurs foar de kommende trije jier de ferkiezings fan karavan en kamper fan it jier hâlde mei by de iepening fan it evenemint. Dat spektakel waard oant no ta holden op de beurs yn Utrecht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)