Caravana ferwachtet rekôr

26 jan 2014 - 12:57
  • In oersjoch fan de Caravana 2014

De organisaasje fan de kampearbeurs Caravana yn it WTC Expo yn Ljouwert tinkt it rekôrtal fan 56.000 besikers yn 2012 dit jier te ferbrekken. De beurs is tongersdei begûn en duorret noch oant en mei tiisdei. De kaartferkeap hat op de fjirde beursdei noch nea sa heech west as no, meldt de organisaasje.

Snein is it op 'e nij smoardrok op de Caravana. Moandei wurde ek tûzenen minsken ferwachte. Tiisdei is de lêste dei fan de kempingbeurs.

Op de Caravana binne kerrevens, tinten en kampearhelpmiddels en -artikels te keap. Kemping en oare fakânsjebestimmings stean der ek mei in diske.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)