Capitool-reisgids oer Fryslân

19 okt 2004 - 11:01

Fan de Capitool-reisgids komt in Fryske edysje. De gids dy't maaie takom jier útkomme moat, sil 288 siden telle. De ynformaasje giet net allinnich oer de natuer en de kultuer yn Fryslân, mar de gids fertelt ek hokker fytstochten der yn Fryslân binne.

Der sille ek allegear plattegrûnen, tekeningen en foto's yn te finen wêze. De Capitool-reisgids is in ferneamde gids, dêr't al 75 edysjes fan ferskynd binne, û.o. oer Spanje en Dútslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)