Caparismeiwurkers fiere aksje

16 feb 2011 - 06:30

Meiwurkers fan sosjale wurkfoarsjenning Caparis sille tongersdei aksje fiere yn Den Haach. De wurknimmers binne it net iens mei de plannen fan it kabinet om de sosjale wurkfoarsjenning bot yn te krimpen. Dêrneist wol it kabinet gjin salarisferheging jaan en wolle se foar nije wurknimmers de CAO ôfskaffe.

By Caparis wurkje 2500 minsken. Der steane nochris 500 minsken op de wachtlist foar wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)