Caparis yn gearwurkingsprojekt

26 nov 2012 - 12:10
  • Caparis yn Drachten

De gemeente Eaststellingwerf en Caparis wurkje gear om de leefberens te ferbetterjen yn de wiken Haerenkwartier en Easterwâlde-Súd yn Easterwâlde. Dêrfoar hawwe se it projekt 'Voor de wijk, Door de wijk' opset. Dêroan dogge ek de wolwêzensorganisaasje Scala mei, wenningkorporaasje Actium en de bewennerskommisjes fan de beide wyken. It is de bedoeling dat frijwilligers allegear putsjes dogge yn de wiken. It giet om minsken mei in útkearing. De gemeente hopet dat se troch it wurk oan in betelle baan komme kinne.

De bewenners kinne sels mei ideeën komme foar putsjes yn har wyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)