Caparis wurket by túnbedriuwen

23 mrt 2012 - 10:02
  • Caparis yn Drachten

Sosjale wurkfoarsjenning Caparis sil de kommende fiif jier gearwurkje mei de túnbedriuwen Snoek en Donkergroen. By elk fan dy bedriuwen sille 25 Caparismeiwurkers oan de slach. Dat bart omdat de regels foar sosjale wurkfoarsjennings oanskerpe binne. Mear minsken moatte fuortendalik oan it wurk yn it bedriuwslibben.

Caparis docht wol wurk yn it grien, mar hat gjin offisjele túnkers yn tsjinst. Gearwurking mei oare bedriuwen is neffens Caparis de bêste manier om minsken tichterby de reguliere arbeidsmerk te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)