Caparis-topman stapt op

26 apr 2013 - 05:56

Wilko de Vreeze stapt mei yngong fan 1 maaie op as algemien direkteur by sosjale wurkfoarsjenning Caparis. De oanlieding derfoar soe in ûndersyk wêze dat de ried fan kommissarissen nei mooglike misstannen ynsteld hat. Dêroer hawwe de dielnimmende gemeenten tongersdeitejûn berjocht krigen.

Oer de resultaten fan it ûndersyk wurde de gemeenten freed op in spesjale oandielhâldersfergadering bypraat. De Vreeze wie tongersdei net berikber foar kommentaar. Yn Caparis sitte acht gemeenten, lykas Ljouwert, Tytsjerksteradiel en Opsterlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)