Caparis moat saakliker

12 sep 2006 - 10:48

De gemeente Hearrenfean wol tenei sels bepale wa't yn oanmerking komt foar wurk by de sosjale wurkfoarsjenning. Dy seleksje wurdt no foar 8 gemeenten dien troch sosjale wurkfoarsjenner Caparis. Dat stiet no ter diskusje om't de wet oer in pear jier feroaret.

Hearrenfean is de earste gemeente dy't de regeling mei Caparis ûnder de loep nimt. De ried spruts him moandei yn de kommisje út foar in fierdere fersaakliking fan Caparis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)