Caparis moat iepenheid jaan

10 maaie 2011 - 20:55

De CDA-fraksjes yn de gemeenten dy't dielnimme oan Caparis wolle dat de finansjele sitewaasje fan de sosjale wurkfoarsjenning ûndersocht wurdt. Yn de gemeenterieden sille de CDA'ers in moasje yntsjinje om de rekkenkeamer fan Smellingerlân te freegjen sa'n ûndersyk te dwaan.

De rekkenkeamer wol dat wol, mar Caparis wurke dêr net oan mei. De CDA'ers wolle troch de moasje berikke dat de kolleezjes no opdracht jouwe om iepenheid te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)