Caparis makke winst yn 2008

26 mrt 2009 - 18:48

Sosjale wurkfoarsjenning Caparis hat yn 2008 in winst makke fan 185.000 euro. Dat resultaat is hast 2,5 miljoen euro better as yn 2007. Doe waard der noch 2,3 miljoen euro ferlies makke. In soarchlike situaasje en dus is der flink skrast yn de kosten lykas fersekeringen en gebouwen.

Der binne opdrachtjouwers fûn dy't mear jild opsmieten en dat wurket ek noch yn 2009 troch, sa ferwachtet it bestjoer fan Caparis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)