Caparis: 50 wurkplakken fuort

14 des 2007 - 16:14
  • By Caparis ferdwine 50 arbeidsplakken

By de sosjale wurkfoarsjenning fan Caparis geane takom jier sawat 50 arbeidsplakken ferlern. Dat komt omdat de nije 'Wet Sosjale Wurkfoarsjenning' neidielich útpakt foar Caparis. It bedriuw krijt minder subsydzje.

Caparis hope oars takom jier út de reade sifers te kommen, mar dat slagget no net. Caparis is aktyf yn it súdeasten fan Fryslan. Der wurkje 2500 minsken. Caparis kin de weromgong opheine troch natuerlik ferrin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)