Cao-ûnderhannelings ôfbrutsen, aksjedriging yn metaalsektor

29 apr 2015 - 10:33

De fjirde ronde fan de cao-ûnderhannelings yn de metaalsektor is tiisdei ôfbrutsen. Neffens de fakbûnen driigje der no aksjes yn de metaalsektor. De wurkjouwers en de fakbûnen koene it net iens wurde oer sizzenskip oer wurktiden, in wurkwike fan fjouwer dagen en in leansferheging.

Woansdeitejûn hâlde fakbûnen FNV en CNV in protestbyienkomst yn Jirnsum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)