Cao-aksje: plysjeburo's ticht

27 jan 2008 - 12:32
  • Plysjeburo's moandei ticht fanwege cao-aksjes

Alle plysjeburo's yn Fryslân binne moandei ticht fanwege cao-aksjes. Meiwurkers stride al in skoft foar mear lean. Se binne ûntefreden oer it bod fan minister Ter Horst. Guon buro's wiene ferline wike al in part fan 'e dei ticht.

De feiligens komt troch de cao-aksjes net yn gefaar, sa meldt de plysje. It alarmnûmer 112 is berikber en boppedat is it mooglik oanjefte te dwaan op ynternet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)