CAO-aksje by nije AH & Lidl

20 nov 2013 - 15:39
  • De aksje by de nije supermerken yn Frjentsjer

Fakbûn FNV hat woansdei yn Frjentsjer aksjefierd foar in nije CAO foar supermerkmeiwurkers. De meiwurkers wachtsje al moannen op in nije CAO. De fakbûnen wolle in goed lean foar de meiwurkers en itselde lean foar itselde wurk. It plak fan de aksjes wie bysûnder: de iepening fan de nije AH en de nije Lidl.

Neffens it fakbûn wolle de supermerkketens taslagen foar har personiel ôfskaffe. De leansferheging dy't oanbean wurdt is lang net genôch om de ynflaasje te kompensearjen. De ûnderhannelings foar in nije CAO rûnen yn oktober stikken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)