Cao-aksje: busferfier fergees

01 maaie 2008 - 17:11
  • Arrivabusferfier fergees fanwege cao-aksje

Reizgers kinne op Himelfeartsdei fergees mei bussen fan Arriva. De sjauffeurs ferkeapje en kontrolearje gjin ferfiersbewizen, om't se meidogge oan in lanlike protestaksje foar in bettere cao. Ek op 5 en 6 maaie en mei de Pinksterdagen is it busferfier fergees.

As der gjin better leanbod komt, wurdt oer twa wike staakt. Sjauffeurs fan Connexxion dogge net mei oan de aksje. Sy falle ûnder in oare cao.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)