CAO-akkoart foar drukkerij

13 feb 2012 - 19:44

Der is moandeitejûn in CAO-akkoart sletten foar meiwurkers yn de grafyske brânzje. Dêr falle ûnder oare de meiwurkers fan de drukparse fan de Ljouwerter Krante ûnder.

De wurkjouwersorganisaasje en de fakbûnen binne oerienkaam dat der in leansferheging komt. Op 1 augustus krije de meiwurkers der 2% lean by en op 1 jannewaris 2013 nochris in prosint. Fierders meie fergiftige oplosmiddelen fan 2016 ôf net mear brûkt wurde.

Besoargers fan de Ljouwerter Krante hiene moandei te hearren krigen dat se der rekken mei hâlde moasten dat der tiisdei gjin krante drukt wurde soe. Dat der no in akkoart leit, betsjut dat aksjes fan de baan binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)