Cao-akkoart Douwe Egberts

21 jun 2011 - 17:44

It hat lang duorre, mar nei moannen fan ûnderhanneljen leit der no dochs in cao-akkoart foar de meiwurkers fan Douwe Egberts op De Jouwer. De fakbûnen hawwe in cao foar 19 moannen ôfsletten mei de kofjefabrikant.

Yn it nije akkoart krije de wurknimmers ûnder oare in leansferheging fan 2,25 prosint yn jannewaris, en it jier dêrop yn febrewaris nochris 1 prosint. De leden nimme takom wike in beslút oer it akkoart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)