Cams stellen op Skiermûntseach

03 sep 2012 - 11:54
  • Sa'n kamera is stellen op Skiermûntseach

Op Skiermûntseach binne fan 't simmer twa kamera's ferdwûn. De saneamde 'catcams' binne fan ûndersiker Chris Smit fan de Ryksuniversiteit Grins. Hy hat op seis plakken de spesjale foto-apparatuer delset om ûndersyk te dwaan nei ferwyldere katten op it eilân.

Sûnt juny binne twa fan sokke kamera's mei in wearde fan 600 euro it stik stellen. Der binne no dus ek gegevens fuort. Smit is benaud dat ien it ûndersyk yn 'e war smite wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)