Campinggasten moatte ferhúzje

15 maaie 2006 - 12:57

Gasten fan camping Schuttersbos op Skylge moatte meiwurkje oan de ferhuzing fan har steankaravans. Dat hat de rjochter bepaald. De eigner hie njoggen gasten foar de rjochter sleept omdat se net nei in oar plak ta wolle. Schuttersbos wol it terrein opnij yndiele, tsjin it sin fan de fêste gasten. De rjochtbank fynt dat dy in fergelykber plak mei likefolle romte weromkrije en dat se meiwurking oan de ferhuzing net wegerje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)