Camping Kievit mei útwreidzje

07 okt 2012 - 13:01

De gemeente Skarsterlân wol de beswieren fan de 18 bewenners fan Aldehaske tsjin de útwreiding fan camping De Kievit yn it doarp, neist him dellizze. B en W stelle dat foar oan de gemeenteried. De Kievit praat al jierren mei de gemeente oer útwreiding fan it bedriuw. Eardere plannen binne ôfkard, mar oan it jongste plan fan De Kievit om op it boerelân tsjinoer it bedriuw út te wreidzjen wol Skarsterlân wol meiwurkje.

De beswiermakkers binne bang foar oerlêst, in soad ekstra ferkear en oantaasting fan it oansjen fan it doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)