Camperplakken yn Wûnseradiel

19 aug 2010 - 17:20

Minsken mei in camper kinne tenei ek te plak yn de gemeente Wûnseradiel. De gemeente rjochtet fjouwer spesjale plakken op gemeentegrûn yn: twa by Surch en twa by de jachthaven fan Makkum.

Yn de gemeente wurdt in soad yllegaal kampeard troch minsken mei campers, benammen by Koarnwertersân. Mei de nije legale plakken hopet de gemeente en grûneigner Rykswettersteat dat se yn elk gefal minder op de yllegale plakken stean geane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)