Camperplak Harns no al sukses

01 maaie 2011 - 10:11
  • De offisjele iepening

De gemeente Harns neamt it krekt iepene camperplak by de Tsjerk Hiddes-slûzen yn Harns no al in sukses. It plak gie ferline wike tongersdei iepen. Sûnt dy tiid hawwe der al hast sechtich campers in nacht stien.

Offisjeel is der plak foar tsien campers, mar der binne ek nachten dat der mear stean. Campereigners krije de gelegenheid om foar 5 euro trije nachten by de Tsjerk Hiddes-slûzen troch te bringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)