Camper klem yn tunnel

14 jun 2007 - 10:49

Fjouwer froulju út it Dútske Oldenburg hawwe woansdei op de Rydwei by de Rottefalle mei harren camper klemsitten yn it tunneltsje ûnder de Wâldwei. De 19-jierrige bestjoerster hie it warskôgingsboerd oer de maksimale trochrydhichte oer de holle sjoen.

De camper kaam fêst te sitten en moast der mei de help fan in bergingsbedriuw útlutsen wurde. De froulju kamen mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)