Camper fêst ûnder fiadukt

10 aug 2003 - 00:00

In Dútske man hat him sneon raar fersind yn de hichte fan syn liende camper. Hy woe by de kamping yn Koudum troch in tunnel ûnder de provinsjale dyk troch.

De tunnel hat in hichte fan 2,3 meter, te leech foar de camper. De man ried lykwols troch en kaam nei fiif meter folslein fêst te sitten. In bergingsbedriuw moast de camper wer fuorthelje. Dy is ûnder en boppe slim beskeadige en wierskynlik total loss.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)