Cambuursupporters roere har

01 mrt 2012 - 12:15

In groep fan 50 Cambuursupporters hat tongersdeitemoarn de training fersteurd. Se kamen mei spandoeken it fjild op, wêrtroch de training stillein wurde moast. De supporters binne net tefreden oer de prestaasjes fan harren klup fan de lêste wiken. SC Cambuur hat nei de winterstop noch gjin wedstriid wûn.

De spilers hiene wol begryp foar de aksje fan de supporters, dy't fierder sûnder problemen ferrûn. Freedtejûn moat Cambuur it thús opnimme tsjin Volendam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)