Cambuurstadion wurdt museum

03 jun 2014 - 19:49

It Cambuur stadion yn Ljouwert wurdt woansdei omdoopt ta museum. De kommende wiken sil dêr de eksposysje '50 jaar Cambuur' te sjen wêze. In tal entûsjaste frijwilligers hat de ôfrûne moannen dwaande west om de eksposysje ta te rieden. Der is fan alles te sjen, sa as unyk byldmatriaal, âlde shirts en moaie ferhalen. Neffens de gearstallers is it in feest fan werkenning. Woansdeitemiddei wurdt de eksposysje iepene. De tagong is fergees.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)