Cambuurstadion kontroversjeel

01 nov 2013 - 22:19
  • Ympressy fan it nije Cambuurstadion by it WTC

De ûndertekening fan in konvenant oer de bou fan in nij Cambuurstadion tusken Cambuur en de gemeente Ljouwert is oer de gemeenteriedsferkiezings hinne tild. PvdA-wethâlders Henk Deinum en Andries Ekhart soene dat konvenant freed ûndertekenje, mar it ûnderwerp is ûnder druk fan de oare kolleezjepartijen CDA en PAL/GrienLinks kontroversjeel ferklearre.

Dat is freed bekend makke op in forumjûn fan Cambuur, dêr't beide wethâlders by wienen. Der bestiet al in 'artist impression' fan it nije stadion by it WTC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)