Cambuurspilers op besite by ferwûne steward yn sikehûs

01 feb 2016 - 17:28
  • De Cambuurspilers op besite by de ferwûne steward

Spilers fan SC Cambuur hawwe moandei yn it sikehûs op besite west by de steward dy't sneon ferwûne rekke is troch in fjoerwurkbom. De 21-jierrige froulike steward rekke ferwûne oan har foet, doe't it fjoerwurk ûntplofte. Se woe neffens ynstruksjes de fjoerwurkbom fan it fjild ôf skoppe, doe't dy ûntplofte. De frou moest yn it sikehûs operearre wurde. Se is no úteinset mei in revalidaasjetrajekt.

De fertochte melde himsels sneon yn it plysjeburo oan de Holstmarwei yn Ljouwert. Hy sit fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)