Cambuurseleksje nei Algarve

07 jan 2010 - 18:34
  • Cambuur giet op trainingskamp nei Portugal

De seleksje fan Sportklup Cambuur giet op trainingskamp nei Portugal. De spilers en technyske stêf sette freed ôf nei de Algarve. Se komme takom wike woansdei wer werom. Cambuur spilet de freeds dêrnei de earste wedstriid fan de twadde kompetysjehelte, thús tsjin Fortuna Sittard.

Cambuur giet nei it bûtenlân, om't de fjilden yn en om Ljouwert hinne net bespylber binne. Tongersdei moast der sels traind wurde op in fjild yn Amersfoort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)