Cambuurfjild grienste fan it lân

03 mrt 2005 - 00:00

It fuotbalfjild fan SC Cambuur is op dit it grienste fan Nederlân. Mei grut materiaal is tongersdei it fjild wer hielendal sniefrij makke. It skjinmeitsjen troch frijwilligers mei skepkes gie net hurd genôch. BV Sport hat dêrnei mei twa trekken en skobuorden alle snie oan kant skood.

Mei in kraan wurde ek alle kanten fan it fjild noch skjinmakke. Cambuur spilet freed thús de topper tsjin Sparta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)