Cambuurfans wolle nei Zwolle

23 nov 2009 - 10:40
  • De fertsjoerder fan it berjocht is tefreden oer it effekt fan syn oprop

Supporters fan SC Cambuur wolle nettsjinsteande in ferbod no freed nei de útwedstryd tsjin FC Zwolle. Op Hyves is moandei in oprop ferstjoerd oan sa'n 5.000 Cambuuroanhingers.

De Ljouwerter supporters binne net wolkom yn it stadion fan Swolle, omdat de Swolle-supporters ek net yn it Cambuurstadion komme meie. Oanhingers fan Swolle fernielden yn de play-offs fan it ôfrûne seizoen de boel yn it stadion fan Cambuur. Se krigen dêrfoar in stadionferbod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)