Cambuurfans meie Arena net yn

09 mrt 2014 - 17:10
  • De plysje hold trije bussen Cambuurfans tsjin by Diemen
  • De ME hâldt Cambuurfans en Ajaxfans útinoar
  • ME'er lûkt pistoal foar in warskôgingsskot
  • It útfak yn de Amsterdam Arena bleau leech

De boargemaster fan Amsterdam hat snein besletten om Cambuurfans net ta te litten ta de Amsterdam Arena foar de fuotbalwedstriid fan Ajax tsjin Cambuur. Foar de wedstriid ûntstie in grimmitige sfear by de Arena en ek yn de binnenstêd fan Amsterdam. Ajax-fans en Cambuurfans sochten de konfrontaasje. De ME moast optrede om de twa groepen útinoar te hâlden, seit in plysjewurdfierder. Ien ME'er luts sels it pistoal, mar soe net sketten hawwe.

Bussen mei Cambuurfans waarden troch de plysje tsjinhâlden by Diemen en weromstjoerd nei Ljouwert.

Ek treinreizgers waarden net ta de Arena talitten en wer weromstjoerd. Ek yn de Arena kaam it ta in konfrontaasje tusken Cambuur- en Ajaxfans. Hjirby soene in pear minsken ferwûne rekke wêze en ek binne in pear oanhâldings ferrjochte. Foar Cambuurfans wie de útwedstriid tsjin Ajax in 'frije reis'-wedstriid.
In oare groep Cambuurfans wie yn de Arena ûnderweis nei it útfak, mar is dêr bekûgele troch Ajaxfans mei ûnder oare blikjes bier.

De plysje hie it oer 'in driigjende situaasje' by de Arena. De plysje hat 'in oantal' oanhâldings dien. Ek binne ferskate fans 'mei ferwûnings' oerbrocht nei ien fan de Amsterdamske sikehuzen. Hoefolle ferwûnen der krekt fallen binne is noch net dúdlik. Hûnderten Cambuurfans hawwe de wedstriid folge op in plein by de Arena, sûnder ek mar in minút fan de wedstriid sjoen te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)