Cambuurfan rydt yn op Fean-fans

09 aug 2003 - 00:00

De Ljouwerter plysje hat freedtejûn in Cambuursupporter oanhâlden, omdat hy mei syn auto ynried op in groepke Hearrenfean-supporters. Mei trije maten stapte de man út de auto mei it doel om mei Hearrenfean-supporters op 'e fûst te gean. De man sit fêst foar poging ta deaslach. It ynsidint barde flak foar de freonskiplike wedstriid Cambuur - Hearrenfean by it Ljouwerter stasjon.

Der rekke nimmen ferwûne by it ynsidint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)