Cambuurfan frijsprutsen

30 aug 2008 - 10:03

De 21-jierrige Cambuurfan dy't op 1 febrewaris syn middelfinger opstutsen hawwe soe nei in plysjebuske, is freed frijsprutsen. De rjochter acht it net bewiisd dat de man út Jelsum it gebaar nei de wedstriid Cambuur-Swolle makke hawwe soe. Neffens de man sels waard er op de achterbank fan syn eigen auto ferrast troch it ljocht fan it plysjebuske en stuts er de hannen omheech.

De plysje hat dat ûnterjochte oansjoen foar it opstekken fan de middelfinger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)