Cambuurdireksje min te sprekken oer bleate man op fjild

30 nov 2014 - 14:41

De direksje fan SC Cambuur is min te sprekken oer de streaker dy't sneon by de wedstriid tsjin AZ it fjild opkaam. De neakene man - mei allinnich in Sinteklaasburd om - draafde oer it fjild en fersteurde de wedstriid. Hy krijt in boete en in jierrenlang stadionferbod yn alle Nederlânske stadions.

Foar it publyk wie it in hilarysk momint, mar algemien direkteur Van den Belt fan Cambuur is der net bliid mei. It wie net it iennichste ynsidint. Der wie ek noch in fjoerwurkbom yn it útfak en der waard smiten mei plestik bekers mei bier.

Ditsoarte aksjes binne neidielich foar de klup, seit Van den Belt. Hy warskôget dat de feilichheid fan de spilers gefaar rint, as minsken samar it fjild opkomme kinne. Van der Belt wiist op de jierren '90, doe't der noch mânskhege stekken om de fuotbalfjilden stiene. Net ien wol dat wer, seit van der Belt, mar as it sa trochgiet, sille der mooglik dochs feilichheismaatregels troffen wurde. Hy tinkt oan in grut net achter de beide goals. Mar ek dat is net winsklik, omdat it publyk it fuotbaljen dan net goed sjen kin.

De kommende wike sil SC Cambuur him ferantwurdzje moatte tsjinoer de KNVB. It fuotbalbûn wol witte oft de Ljouwerter klup wol genôch foarsoarchsmaatregels troffen hat om ynsidinten foar te kommen.

Sjoch hjir nei de bylden op Youtube.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)